Swartfuotten (Lakota)

Sittende Kraai, in Swartfoet-Lakota.

De Swartfuotten of Sihasapa (Ingelsk: Blackfoot, útspr.: ['blækfut]; Lakota: Sihásapa, útspr.: [si'ha:sapa]) binne ien fan 'e sân substammen fan 'e Lakota of Titon (Teton). Yn 'e mande mei de Dakota foarmje de Lakota de gruttere etnyske groep fan 'e , in Yndiaanske konfederaasje dy't fan likernôch 1730 oant 1880 oardel iuw lang it noardlike part fan 'e Grutte Flakten fan Noard-Amearika behearske. De Sû binne ferneamd wurden om 'e oarloggen dy't se yn 'e twadde helte fan 'e njoggentjinde iuw mei it Amerikaanske leger útfochten, en dêr wiene de Swartfoet-Lakota ek by belutsen. Hja moatte net betize wurde mei it net mei harren besibbe en folle bekendere Algonkwynske folk fan 'e Swartfuotten, dat yn 'e Amerikaanske steat Montana en oangrinzgjende dielen fan Kanada wennet.


© MMXXIII Rich X Search. We shall prevail. All rights reserved. Rich X Search